Gysbert Japicx

Gysbert Japicx

Gysbert Japicx waard berne yn 1603 oan de Wipstrjitte te Boalsert as soan fan Ancke Willems en Jacob Gysberts. Gysbert syn heit wie kistmakker en boargemaster fan Boalsert en hat in grutte rol spile by it ûntwerp fan it stedhûs. Yn ien fan de prachtige brânskildere glêzen fan it stedhûs kin men Jacob Gysberts weromfine mei it ûntwerp fan it gebou yn syn hân.

Gysbert waard skoalmaster en foarsjonger, earst yn Wytmarsum en letter yn syn berteplak Boalsert. Yn 1666 stoar hy oan de lêste pestepidemy dy’t Europa doetiids teistere. Frou en bern stoaren oan deselde pest, soan Salves stoar in wykmannich nei syn âlden. Besjoch hjir de stambeam (PDF).

Gysbert Japicx brûkte foar syn lieten en gedichten de Fryske taal. Yn 1640 ferskynde fan syn hân de Friessche Tjerne, in brulloftspraatsje fan in dronken boer, skreaun yn prachtich libben Frysk. Hy oertrof it wurk fan eardere Fryske dichters troch syn bysûnder grut dichterlik talint yn klankgefoeligens, musikaliteit, útdrukkings-feardigens en byldzjende krêft.

 

Gysberts lytse Rymlerye (Gysberts Fryske dichtwurk)

It samle wurk fan Gysbert Japicx is ûnder de titel Friesche Rymlerye yn 1668 postúm ferskynd. Nei de moade fan dy dagen is it yn trijen ferdield:

in lirysk part:             Ljeafd in bortlycke mingel-deuntjes

in didaktysk part:     Gemiene aef huwzmanne petear  

en in religieus part:  Hymmelsch Harp-luwd  (psalmen en oare geastlike lieten).

De dichter libbe op ‘e grins fan twa tiidrekken, Renêsssânse en Barok. Ut syn wurk sprekt in grut fakmanskip, dat tekene wurdt troch libbenens fan útdrukking en in grut Godsbesef. As literator kin men syn kwaliteit ferlykje mei Nederlânske tiidgenoaten as Camphuysen en Revius, mar syn betsjutting as taalpionier en skepper fan taal is like grut as dy fan Hooft, Huygens of Vondel.

De grutte fertsjinste fan Gysbert Japicx is dat hy oantoand hat, dat de Fryske taal him hiel goed liene lit om yn te dichtsjen. By syn libben al wie der grutte wurdearring foar syn wurk en ek foar it feit dat hy yn it Frysk dichte.

Dit boek wie de earste Fryske dichtbondel en dêrom skreau Gysbert Japicx yn it foarwurd:

 “Kom mei krityk, mar wol mei opbouwende, want ik ha myn eigen taal skriuwen leare moatten.”

Gysbert Japicx.

 

favicon