Gysbert Japicxpriis

De Gysbert Japicxpriis, neamd nei de 17de iuwske dichter Gysbert Japicx, is in priis foar oarspronklik Frysk literêr wurk. Dy literatuerpriis wurdt takend troch Deputearre Steaten fan Fryslân, dy’t har advisearje lit troch in s.n. ‘advyskommisje’, in kommisje fan saakkundigen. De priiswinner ûntfangt in oarkonde en in priisbedrach.

De Gysbert Japicxpriis bestiet sûnt 1947 en is yn deselde snuorje ynsteld as de P.C.Hooftprijs. De frekwinsje fan de priistakenning feroare yn de rin fan ‘e jierren, mar wurdt no om it jier takend, ôfwikseljend foar proaza en poëzy. De útrikking fynt plak yn de Martinitsjerke fan Boalsert, it berteplak fan de nammejouwer fan de priis.

Nei de offisjele útrikking giet de winner nei it Gysbert Japicxhûs om syn hantekening op ien fan de balken te setten, in prachtige tradysje.

Sûnt 2013 wurdt ek de Lytse Gysbert Japicxpriis útrikt oan it bêste Fryske gedicht, skreaun troch learlingen fan groep 7/8 fan de basisskoalle. It skriuwen fan dat Fryske gedicht is ûnderdiel fan it erfguodedukaasjeprojekt fan it Gysbert Japicxhûs, ornearre foar de basisskoallen groepen 7 en 8.

Oersjoch priiswinners Gysbert Japicxpriis:

  • 2017 – Eppie Dam: Fallend Ljocht (bondel)
  • 2015 – Koos Tiemersma: Einum (e-boek)
  • 2013 – Jacobus Q. Smink: Sondelfal (bondel)
  • 2011 – Durk van der Ploeg : hiele oeuvre
  • 2009 – Anne Feddema: Reidhintsje op ’e Styx (poëzy)
  • 2007 – Josse de Haan: hiele oeuvre
  • 2005 – Abe de Vries: In waarm wek altyd (poëzy)
  • 2003 – Willem Tjerkstra: Ridder fan Snits (roman)
  • 2001 – Tsjêbbe Hettinga: Fan oer see en fierder (dichtbondel)
  • 1998 – Piter Boersma: It libben sels (roman)
  • 1995 – Trinus Riemersma: De reade bwarre (roman)
  • 1992 – Steven H.P. de Jong: De Wuttelhaven del (roman)
  • 1989 – Anne Wadman: hiele oeuvre
  • 1986 – Tiny Mulder: hiele oeuvre
  • 1983 – Sjoerd van der Schaaf: De bijekening (roman)
  • 1981 – Reinder Rienk van der Leest: Kunst en fleanwurk (dichtbondel)
  • 1979 – Ypk fan der Fear: hiele oeuvre
  • 1977 – Jan Wybenga: Lyts Frysk deadeboek (dichtbondel)
  • 1975 – Rink van der Velde: hiele oeuvre
  • 1973 – Willem Abma: De âlde en de leave hear: as lead om âld izer, Op libben en dea en Mosken en goaden (dichtbondels)
  • 1971 – Paulus Akkerman: It roer út hannen (roman), Foar de lins/Dat sadwaende (essays)
  • 1969 – niet toegekend
  • 1967 – Trinus Riemersma: Fabryk (roman)
  • 1965 – Jan Wybenga: Barakkekamp (dichtbondel)
  • 1963 – Jo Smit: Bisten en boargers (ferhalebondel)
  • 1961 – Marten Sikkema: hiele oeuvre
  • 1959 – Eeltsje Boates Folkertsma (geweigerd): Eachweiding (essays)
  • 1957 – Douwe Tamminga: Balladen (dichtbondel)
  • 1955 – Ulbe van Houten: De hillige histoarje (bijbelverhalen, De sûnde fan Haitze Holwerda (roman)
  • 1953 – Rixt: De gouden rider (dichtbondel)
  • 1952 – Anne Wadman: Kritysk konfoai (essays)
  • 1951 – Sjoerd Spanninga: Spegelskrift en Núnders (dichtbondels)
  • 1950 – Ype Poortinga: Elbrich (roman)
  • 1949 – Fedde Schurer: Simson (bibelsk drama), berimingen fan It boek fan ‘e psalmen
  • 1948 – Nyckle Haisma (postúm): Simmer (novelle)
  • 1947 – Obe Postma: It sil bistean (dichtbondel)