Skriuwwize famyljenamme

De famyljenamme fan Gysbert Japiks wie Hol(c)kema (ien fan de 19de iuwske grûnlizzers fan boekhannel Scheltema & Holkema yn Amsterdam). Gysbert brûkte syn famyljenamme net sa faak, oaren nei him likemin. It gefolch is dat it patronymikum (famyljenamme wurdt ôflaat fan de namme fan de heit) Japiks meastentiids as famyljenamme brûkt wurdt. Dêrtroch binne der yn ‘e rin fan de skiednis trije gongbere farianten ûntstien. De skriuwwize ‘Japicx’ komt fan de ûndertekening dy’t Gysbert brûkte yn de brieven oan syn freon Simon Abbes Gabbema (neist Nederlânske farianten as Jacobs). Dy brieven binne opnommen yn de Rymlerye-edysjes fan 1681 en 1684. Om’t de ‘x’ neffens de Fryske staveringsregels net of amper brûkt wurdt (ek net by eigen nammen), is de skriuwwize ‘Japiks’ ûntstien. Dy skriuwwize is ek brûkt op it titelblêd fan de Friesche Rymlerye.

Oant 1989 wienen de farianten ‘Jacobs’ en ‘Japiks’ gongber, mar nei’t Philippus Breuker mei de publikaasje fan syn proefskrift de tredde fariant wer ynfierde, waard oan ‘Japicx’ opnij de foarkar jûn. Foar de  ‘Gysbert Japicxpriis’ hat de provinsje Fryslân konsekwint de –cx skriuwwize brûkt. Deselde offisjele skriuwwize is ek oernommen troch it Gysbert Japicxhûs.