Ynfloed

Gysbert Japicx moat al by syn libben nasjonaal en ynternasjonaal bekend west hawwe. Hy stie yn kontakt mei Hollânske en Ingelske skriuwers en gelearden. De Ingelse gelearde Franciscus Junius hat in skoft yn Boalsert wenne om fan Gysbert Japicx it Frysk te learen. De bysûndere betsjutting fan Japicx’ wurk leit yn it feit, dat hy foar it earst sûnt it ferdwinen fan it Frysk as rjochts- en bestjoerstaal, om 1580 hinne, de taal wer foar serieus wurk brûkt. Syn skriuwerij slút kwa styl oan by dy fan 17de iuwske Hollânske renêssânse skriuwers. De hearskjende opfetting yn de literêre wittenskip is, dat Japicx dêrmei it Frysk wer in plak tusken de Europeeske kultuurtalen besoargje woe. Wy witte net oft Gysbert Japicx foar eagen hie om yndied de maatskiplike emansipaasje fan it Frysk te beynfloedzjen. Hoe dan ek, de taal en stavering fan Japicx syn wurk foarmje de basis fan de hjoeddeiske Fryske skriuwtaal, sa’t dy him yn de 19de en 20ste iuw ûntjûn hat.

Deputearre Steaten fan Fryslân hawwe yn 1947 in wichtige literatuurpriis nei Gysbert Japicx ferneamd, de Gysbert Japicdpriis. It jier 2003, fjouwerhûndert jier nei de berte fan Gysbert Japicx is troch de provinsje Fryslân ta Gysbert Japicx-jier útroppen. Yn dat jier waard Gysbert Japicx eare mei in tentoanstelling, ûnderskate boeken en in rockopera oer syn libben en de útjefte fan in cd mei syn bekindste lieten.

Yn ferskate doarpen en stêden is der in Gysbert Japicxstraat, û.o. yn Ljouwert, Snits en De Jouwer. Fierder binne der noch Gysbert Japicxstrjitten yn Stiens, Frjentsjer, Bûtenpost en Kollum en in Gysbert Japicxsleane en –brêge yn Boalsert.

Der is in stânbyld fan Gysbert Japicx by de Martinitsjerke yn Boalsert en by Tresoar is der in Gysbert Japicxseal.

Gysbert Japicx, beskôge as de Fryske Shakespeare, hat dus grutte ynfloed hân yn Fryslân en wurdt, sels 350 jier nei syn ferstjerren, heech yn oansjen.