Gysbert Japicxhûs

Skiednis

It bertehûs fan Gysbert Japicx (1603 – 1666) waard yn 1979 oankocht troch Arjen Holckema en Trijntje Holckema-Slot mei as doel fan it hûs in museum te meitsjen. Dit om de neitins fan harren grutte foarfaar te earjen en libben te hâlden. Sa rjochtsje sy yn 1980 de Gysbert Japicx (-Holckema) Stichting op; it soe noch mear as tsien jier duorje foar’t it hûs de museumfunksje krige. Op 18 maart 1980 kaam Arjen Holkema te ferstjerren en ek syn frou hat de provinsjale iepening, yn 1992, net mear meimeitsje mocht. Yn febrewaris 1990 stie in artikel yn de Ljouwerter Krante oer Hindrik van der Meer. It artikel hie as kop: “Ambassade als stimulans van Fries cultureel leven.”

Ambassadeurskip foar it Frysk

Hindrik van der Meer rekke yn de âldens fan 51 jier yn de ‘VUT’. Yn in artikel fan de Ljouwerter Krante (1990) beskriuwt hy syn gedachten oer in ‘Fryske ambassade’ yn bgl. Warkum of Snits. Hy woe hjirfoar in gebou dêr’t kulturele rykdommen fan Fryslân op in boartlike wize presintearre wurde kinne. Hy tinkt oan útstallingen, bustochten, kursussen foar toeristen, in tekstwinkel en noch folle mear…. Dat artikel wurdt lêzen troch gemeentesiktaris fan Boalsert, J.H. Terra, en bringt dat ûnder de oandacht fan de boargemaster, Mr. T. Elzenga, doetiids lid fan it bestjoer fan de Gysbert Japicx Stifting. Sy nûgje Hindrik van der Meer út om del te kommen en it bertehûs fan Gysbert Japicx ‘ris te besjen. Hindrik van der Meer wie posityf en makket op fersyk fan it Stichtingsbestjoer in plan. In útstalling oer Gysbert lei foar de hân, dêrnjonken wiene in tekstwinkel, in útstalling oer minderheidstalen, de skiednis fan de Fryske taal en de kulturele bustochten saken dy’t der neffens him goed ‘by pasten.’

Yn 1997, op 25 septimber, waard it hûs mei in grut feest yn gebrûk nommen en iepene troch steatssiktaris, drs. Aad Nuis. Hy hold syn taspraak foar in part yn it Frysk, mooglik makke troch de oersetting troch de Tekstwinkel mei in lûdsbân foar de krekte útspraak.

De ferbou is ûnder lieding fan de Stichting Bolswards Historie realisearre, it ûntwerp is fan Bep Mulder.