Fryske tekstwinkel

De tekstwinkel is unyk. Wêr kinne jo noch oankomme foar it meitsjen fan in “eigen” Fryske kaart foar bygelyks:

  • Brulloft
  • Berte
  • Diploma
  • Ferstjerren
  • In nammekaart, dêr’t de betsjutting fan yn in fers ferwurke is
  • In nije baan
  • In jierdei (Abrahams en Sara’s gedichtsjes lizze, mei in akwarel op kaart set, foar jo klear)
  • In ‘samar’-kaart mei in fers oer Fryslân
  • In kaart mei ferske foar ien dy’t it dreech hat

Jo fine se hjir, of se wurde spesjaal foar jo makke, de kosten binne mar € 1,75 de kaart. Nammekaarten € 2,00 de kaart. Kom sûnder ferplichting ris oan en sjoch nei ús oanbod.

De Fryske “Spreukekalinder”

Op fersyk fan útjouwerij van de Berg, eartiids te Ynskedee no Almere, wurdt sûnt 2001 de Fryske Spreukekalinder troch ús gearstald. De kalinder hat alle 2 dagen in fers en in siswize, wat delkomt op sa’n 180 fersen en siswizen. De skriuwers fan de tekstwinkel leverje de teksten oan. Is dat net genôch, dan wurde âlde fersen brûkt of dichters frege oft wy út harren dichtbondels fersen brûke meie.

Jierliks docht in frijwillichster fan it Gysbert Japicxhûs it measte wurk foar de kalinder, troch de gedichten en siswizen te sammeljen en oan te leverjen.

Oersettingen nei it Frysk

Wy kinne foar jo ek teksten út it Nederlânsk wei nei it Frysk oersette. Wolle jo in rou-advertinsje sette, in brief skriuwe, in foardracht dwaan of wat dan ek, en jo binne net fertroud mei de Fryske taal, dan kinne jo ús de oersetting troch ús meitsje litte. Wol freegje wy hjir in lytse fergoeding foar. Wolle jo mear witte, dan kinne jo ús in mail stjoere: ynfo@gysbertjapicx.nl .

Belje mei fansels ek.