Museum

Museum oer it libben fan Gysbert Japicx

It museum hat yn 1997 har hjoeddeistige foarm krige.

Yn 2003 is dat diel útwreide mei “Lit ús no ris swiet muzykje”

Yn 2005 hat der in lytse ferbouwing plakfûn en binne der in glêzen skodoar  en glêspanielen tusken it museum en de tekstwinkel kommen. Yn 2013 is der in edukatyf ferhaal oan de fêste eksposysje tafûge, sadat der ek foar bern in oantreklik programma te belibjen is.

De fêste eksposysje bestiet út de folgjende ûnderdielen:

  • Gysbert Japicx (1603 – 1666)
  • Muzyk fan Gysbert Japicx
  • It ferhaal fan de taal
  • Lytse Gysbert (foar de de jeugd)

Skriuwers en ûntwerpers

De teksten binne troch Watze Hiddema, Hindrik van der Meer, Baukje Miedema, Andrys Stienstra makke. Advys Phillipus Breuker. De útwreiding is troch Baukje Miedema opset en it ûntwerp is fan de hear Jellema, meiwurker fan it Willem van Harenmuseum op it Hearrenfean

De útwreiding fan de Lytse Gysbert is troch Hindrik van der Meer, Liskje Flapper, Sibe Haven en Vera Brink makke. Konsept is troch Vera Damhuis betocht, sy hat ek de yllustraasjes fersoarge. Opmaak is troch Elske Kinderman fersoarge. Film en foto’s binne troch Dave Sybenga fan DME Media makke.