Sûvenirwinkel

Yn de museumwinkel fan it Gysbert Japicxhûs kinne jo ek sûvenirs keapje. Der is in ferskaat oan produkten dy’t jin tinke docht oan Boalsert en de Fryske taal.

In greep út it assortimint:

  • Boalserter wimpel
  • Kofjemok mei typysk Fryske ôfbylding en/of tekst
  • Frysk folksliet op in mûsmatte
  • Frystalige (berne)boeken
  • Fryske CD en DVD
  • Fryske flagge
  • Fryske handoeken en teedoeken
  • Frysk kwartetspul
  • Kaarten
  • Fryske ovenwanten
  • Fryske bûsdoek
  • En folle net genôch…

Binne jo ynteressearre yn ien of mear artikels, dan kinne jo in mail stjoere nei: ynfo@gysbertjapicx.nl . Yn dy mail graach oanjaan wat jo hawwe wolle en jo tillefoannûmer fermelde. Wy sykje dan sa gau mooglik kontakt mei jo.

Fansels binne jo ek fan herten wolkom yn it Gysbert Japicxhûs, jo kinne dan fuort efkes rûnsjen yn it Museum oer it libben fan Gysbert Japicx.