VVV Boalsert

Yn it Gysbert Japicxhûs fine jo ek in VVV-agintskip. De VVV hat yn it hiele jier, mar benammen yn it heechseizoen in soad oanrin fan toeristen. Jo kinne by ús terjochte foar ûnder oare:

  • print en ferkeap fan kuier- en fytsrûtes
  • ynformaasje oer- en promoasje fan Boalsert
  • organisaasje stedskuiers ûnder lieding fan in gids
  • reservearringen foar it Marneteater
  • stimpelpost by fytsrûte
  • servicepunt Boalserter krante
  • alle fragen oer Boalsert en/of omkriten
  • de VVV-kadokaarten
  • oare wurksumheden wêrby’t assistinsje nedich is

Aktiviteitekalinder

Alle wiken wurdt in nije aktiviteitekalinder makke troch in frijwilliger yn it Gysbert Japicxhûs. Dy aktiviteitekalinder wurdt ûnder de oandacht fan de pers brocht en is fergees te krijen yn it Gysbert Japicxhûs. Download hjir de aginda fan de 50ste en 51ste wike