It ferhaal fan de Fryske taal

Op 16 draaipanielen kin men ‘it ferhaal fan de Fryske taal’  op ‘e nij belibje. Fan de earste fynsten fan de Fryske taal, it saneamde ‘runeskrift’, en it ûntstean fan it skriftlik gebrûk fan dy taal oant de grutte omslach troch it barren op Kneppelfreed. Nei dat foarfal hat de Fryske taal sageandewei in fêst plak krigen yn Nederlân as twadde rykstaal. Dat is noch altyd werom te sjen yn Fryslân op de skoallen, mar ek op radio en televyzje.