Jeugd

Wa is Lytse Gysbert

Lytse Gysbert stiet foar it bern Gysbert yn ‘e âldens fan sawat 11 jier. Hy is in gewoan bern, dat him o sa dwaande hâldt mei it fenomeen taal. Yn in stêd wurde safolle ferskillende talen/dialekten sprutsen, dat fernuveret Lytse Gysbert. Krektlyk as Lytse Gysbert gean hjoeddeiske bern yn it Gysbert Japicxhûs op ûndersyk út mei help fan de tsien opdrachten fan de museumwaaier en it dochblêd.

Wy hawwe Lytse Gysbert dêrmei in gesicht jûn, dêr’t alle bern dy’t ús museum besykje harren mei identifisearje kinne. De bern wurde yn ús museum begelaat troch Lytse Gysbert, se gean meiïnoar op ûndersyk út en ûntdekke in soad bysûnderheden oer de taal fan doe en no, mar ek oer it libben fan Gysbert Japicx.

Wêrom is “Lytse Gysbert” ûntstien

‘Lytse Gysbert’ is ûnderdiel fan it edukative programma dat ûntwikkele is yn opdracht fan it bestjoer fan de Gysbert Zjapicx (Holckema) Stichting. Doel fan it programma is om bern yn ‘e kunde bringe te litten mei it fenomeen ‘taal’. Us oanbod foar de jeugd is rjochte op twa doelgroepen, beide mei in eigen programma:

  • ErfguodedukaasjeDit oanbod is ornearre foar de groepen 7/8 fan de basisskoalle en is alhiel ôf te skriuwen op kearndoel 56. Kearnwurden: Taal, Boalsert, muzyk en it dielnimmen oan de gedichtewedstriid.

    Opdracht: Schrijf met een ganzenveer op je doelbad
    Opdracht: skriuw dyn namme mei in goezefear op dyn dochblêd.
  • Museumtour voor gezinnen/kinderen:  Een museumwaaier met ongeveer 10 opdrachten die u meeneemt door het museum en een doeblad voor de kinderen waarop zij de opdrachten kunnen uitvoeren. Het aanbod is tweetalig, dus geschikt voor zowel Nederlands- als Friestaligen.

It programma Tsjek fan Omrop Fryslân (edukatyf programma ornearre foar de boppebou fan it basisûnderwiis en de ûnderbou fan it fuortset ûnderwiis) besteget  geregeldwei omtinken oan de Fryske taal, Gysbert Japicx komt hjiryn ek foar.

Hjirûnder in fragmint fan skoalbern dy’t de “Gysbert rap” sjonge:

boarne: skoalTV Omrop Fryslân