Erfguodedukaasje

Gysberts Lytse Rymlerye: ynformaasje foar learkrêften groep 7/8    

Edukatyf programma foar groep 7/8 basisskoalle mei as eindoel it skriuwen fan in Frysk gedicht. It is in Frysk taal/erfguod-programma wêryn’t fiif ûnderdielen oan ‘e oarder komme:

  1. Yntroduksje Gysbert Japicx mei help fan DVD (duorret sawat 13 minuten)
  2. Taalstambeam (groepsgesprek)
  3. Muzyk mei Gysbert. Der kin in kar makke wurde út sjongen, muzyk meitsje. Fansels binne der mear farianten mooglik. CD en noateskrift wurde derby levere.
  4. Bring in besite oan it museum, de bern krije per groep in ‘museumtour’ yn de foarm fan in waaier en yndividueel in dochblêd. Dêrnei in ynkoarte stedskuier troch Boalsert (û.l.f. in stedsgids), sadat de learlingen alles wat se leard hawwe ek yn it echt sjen en belibje kinne.
  5. Skriuw in Frysk gedicht en faaks winst de “Lytse Gysbert Japicxpriis”. Der is foar de learkrêfte in gedichtehantlieding bylevere.
            *It edukatyf oanbod is alhiel ôf te skriuwen op kearndoel 56

Dissiplines:

  • Muzyk (en dûns)
  • Taal (Frysk, Nederlâns en meartaligens)
  • Erfguod

Kearndoel(en): It programma foldocht oan de folgjende kearndoelen: 1-9-11-12-17-51-54-55 en 56.  It edukative oanbod is folslein te brûken foar kearndoel 56 en is troch de beoardielingsgroep, ynsteld troch Akte 2, KEK-weardich achte.

Slút oan by de reguliere skoalfakken:

  • Frysk, mei ferbiningen nei it Nederlâns en de meartaligens
  • Wrâldoriïntaasje
  • Skiednis (17de iuw)

Doelgroep: groep 7/8 basisskoalle

Maksimale groepsgrutte: By museumbesite beheind ta 15 persoanen. In grutte groep (op syn meast 30 bern) wurdt opdield yn groepen fan maksimaal 15 persoanen. Groep 1 begjint mei in besite oan it museum, groep 2 docht de ynkoarte stedskuier û.l.f. de stedsgids. Letter wikselje de groepen fan aktiviteit.

Djoer fan de aktiviteit: In skoalle kin sels beslisse hoe’t it Edukative programma fan 5 ûnderdielen ôfwurke wurdt. It soe yn de foarm fan in projektwike  kinne, mar it soe ek útsmard wurde kinne oer in beskate perioade yn de Fryske en/of skiednislessen (ôfsluten mei it skriuwen fan it Fryske gedicht).  Museumbesite mei  stedskuier duorje byinoar sa’n 1½ – 2 oere.

Lokaasje(s): De lokaasje is op skoallel. By opdracht 4 komt de skoalle nei Boalsert foar in besite oan it Gysbert Japicxhûs, it bertehûs fan Gysbert, mei oanslutend de koarte stedskuier û.l.f. in gids.

Perioade: It museum is it hiele jier iepen, mei útsûndering fan de moandeitemoarn. 

Kosten: De kosten foar it gebrûk fan it edukative programma binne € 15,00 (yn totaal). Foar museumbesite en stedskuier (diel 4) wurdt per learling € 3,00 yn rekken brocht. De begelieders betelje itselde bedrach.

Bysûnderheden: It museum is net grut, dat goede begelieding is fereaske. It ‘wurkskrift fan Gysbert’ is in houten boek mei ynhâld foar de learkrêft. De ynhâld sjocht der sa út:

  • 1 DVD (duorret sawat 13 minuten)
  • 1 CD (2 lietsjes, beide yn 3 ferzjes: mei sang en muzyk – allinne sang – allinne
  •    muzyk)
  • Noateskrift en tekst fan de twa lietsjes
  • Taalstambeam (mei kopiearre wurde), bedoeld as ‘praatplaat’
  • Gedichte-hantlieding (Frysk)

* By it net yn goeie steat weromstjûren fan it materiaal wurde de makke kosten yn rekken brocht fan de brûker.

Aktiviteit is oan te passen oan hokker tema ek: It Fryske gedicht kin keppele wurde oan byg. in ‘projektwike’ of de ‘berneboekewike’. It kin ek brûkt wurde yn ferbân mei de problematyk oangeande noarmen en wearden; tink oan pesten, flechtlingen of oare nijsitems.

Aktiviteit is skoallebreed oan te freegjen: De aktiviteit kin skoallebreed oanfrege wurde, in bulte materiaal is geskikt foar ek oare leeftydsgroepen. De gedichtewedstriid bliuwt lykwols allinne fan tapassing op de learlingen fan groep 7/8. 

Ferbredingsmooglikheden: Op de webside fan de ‘Kanon fan de Fryske skiednis’ fynt men mear ynformaasje en tema’s dy’t oanslute by ús programma en kinne foar ferbreding fan it oanbod brûkt wurde. Jo kinne dat fine op de webside www.11en30.nu en ûnder it menu ‘De kanon finsters’ sjogge jo 41 ‘finsters’ mei elk in eigen ferhaal. De finsters dy’t jo foar ferbreding brûke kinne soene binne:

1 Kanon finster 16: Gysbert Japicx

2 Kanon finster 41: It Frysk

De webside is ûntwikkele en stiet ûnder behear fan de Afûk (www.afuk.frl).