Lytse Gysbert Japicxpriis

De “Lytse Gysbert Japicxprijs” is de priis foar it bêste Fryske gedicht fan bern fan groep 7 en 8 fan de basisskoalle. Dy priis makket diel út fan it edukative oanbod fan it Gysbert Japicxhûs om bern mear bewust te meitsjen fan de Fryske taal en it belang fan Gysbert Japicx foar it Frysk en de Fryske skiednis. It projekt bestiet út:

  • DVD: Gysbert Japicx komt werom yn ús tiid en freget him ôf oft der noch wol Frysk sprutsen wurdt.
  • Taalstambeam: hokker taal praatsto mei dyn heit, broer, freondinne ensfh.
  • CD mei twa lietsjes fan Gysbert Japicx (berneferzje).
  • Gedichte-hantlieding: helpmiddel foar de learkrêft by it skriuwen fan ferskate Fryske dichtfoarmen.

Einopdracht fan it edukatyf projekt is it skriuwen fan in Frysk gedicht troch de bern sels. Skoallen kinne dêrby gebrûk meitsje fan in hantlieding dy’t fierder yngiet op it skriuwen fan gedichten en in ferskaat oan dichtfoarmen behannelet. Basisskoallen kinne gedichten ynstjûre foar de Lytse Gysbert Japicxpriis. De skoallen meie per groep trije gedichten ynstjûre. Dy dichters meitsje kâns op it winnen fan de Lytse Gysbert Japicxpriis.

 

De Fear fan lytse Gysbert ontwerp van Kees Bijlsma.
De Fear fan lytse Gysbert. Untwerp fan Kees Bijlsma.

 

In deskundige jury kiest út alle ynstjûringen de twa moaiste gedichten. It moaiste gedicht fan groep 7 en it moaiste gedicht fan groep 8. De winners fan dy gedichten krije in spesjale priis en harren gedicht komt op in moai yllustrearre kaart te stean. Op in spesjaal dêrfoar makke boerd yn it Gysbert Japicxhûs kinne de winners harren hantekening sette.

Boppedat mochten de jonge winners harren gedicht foarlêze by de útrikking fan de grutte Gysbert Japicxprijs yn de Martinitsjerke fan Boalsert. Hjir ûntfongen se ek de priis “De Fear fan Lytse Gysbert”.

Fries gedicht winnares
Michelle lêst har Fryske gedicht foar yn de Martinitsjerke fan Boalsert

De Lytse Gysbert Japicxpriis is foar it earst útrikt op 12 oktober 2013 nei ôfrin fan de útrikking fan de Gysbert Japicxpriis oan Jacobus Smink.

Op sneon, 10 oktober 2015, wie de 2de útrikking fan de Lytse Gysbert Japicxpriis. De winnende gedichten waarden troch de makkers foardroegen.