Lytse Gysbert

Lytse Gysbert (foar de jeugd)

Yn it museum is in museumtour foar bern ûntwikkele. Mei help fan in museumwaaier wurde sy mei 10 ferskillende opdrachten troch it museum laat. Op it dochblêd kinne se de opdrachten útwurkje om op boartlike wize it museum troch te gean. Dy loopkuier foar bern duorret ûngefear 45-60 minuten.

It projekt edukaasje is ornearre foar de groepen 7/8 fan de basisskoalle, it is keppele oan in wedstriid. It bêste, aardichste, moaiste, it meast ferrassende gedicht wint de ‘Lytse Gysbert Japicxpriis’. De priis is ûnderdiel fan de útrikking fan de provinsjale priis en de winner mei syn hantekening sette op it spesjaal dêrfoar ûntwikkele ‘hantekeningen boerd’.

Foar mear ynformaasje, sjoch haadstik ‘Jeugd’.

Opening Gysberts Lytse Rymlerye, 2013Iepening Gysberts Lytse Rymlerye, 2014

Dit projekt is offisjeel iepene yn 2014 troch Mark Brink (10 jier) en deputearre Mfr. Jannewietske de Vries.