Museumtour foar gesinnen

By it ynkommen krije jo as âlder/fersoarger/pake en/of beppe de museumwaaier en de bern in dochblêd. De museumwaaier liedt jo troch it museum en de jeugd komt 10 opdrachtebuordsjes tsjin. Fan de museumwaaier kinne jo de opdracht foarlêze en de bern kinne fuort begjinne oan de ynfolling fan harren dochblêd. Op it stuit dat de bern dwaande binne mei it útfieren fan in opdracht, kinne jo de “witte jo datsjes …” neilêze op ‘e museumwaaier, foar wat mear ynformaasje.

2015-09-16 14.54.40

Troch gebrûk te meitsjen fan de museumwaaier wurde jo tagelyk mei de bern rûnlaat troch it museum en komme jo yn ‘e kunde mei Gysbert Japicx, it fenomeen taal, mar ek mei saken dy’t yn Gysbert Japicx syn tiid spilen. Tink byg. oan:

  1. De swarte dea (de pest)
  2. Meartaligens
  3. Muzyk
  4. Fryske nammen
  5. De histoaryske stêd Boalsert
  6. Mear……

verliefd kopie