Gysbert Japicx 1603-1666

Frysk dichter en skriuwer, syn libben en wurk is te sjen op 16 panielen. De kast yn it museum is in replika fan de tagongsdoar fan de trouseal fan it stedhûs fan Boalsert. Dy tagongsdoor yn de trouseal is yndertiid makke troch Jacob Gysberts, de heit fan Gysbert Japicx. Yn de replika yn it museum lizze ferskillende útjeften:

  • De Friesche Rymlerye fan Gysbert Japicx fan 1821 en 1853
  • In Frânske en Ingelske oersetting fan Gysberts wurk
  • It gedicht “Sjolle Kreamer en Tetke” yn it Russysk. Dit boek is in geskink fan de hear Pfeiffer fan Surhústerfean.
  • ‘Hulde aan Gysbert Japiks bewezen in de Martinikerk te Bolsward op den 7 juli 1823’

Utsein de earste Rymlerije  fan 1668, dat in brûklien is fan Tresoar, hat de Stichting alle earste útjeften yn eigendom. By Tresoar lizze ek de oare útjeften fan en oer Gysbert Japicx: boeken, cd, foto’s, kopy fan ‘Wobbelke’ ensfh.

Yn 2003 hawwe wy fan J.Veldtman út Drachten in tal boeken oer en foarwerpen fan Gysbert Japicx yn brûklien krigen, dy’t yn in aparte fitrine lizze.

De kopy fan it skilderij fan Gysbert Japicx, op hout, is makke troch Jeroen Werz. Dat skilderij hinget sintraal yn it museum. It orizjineel is makke troch Mathijs Harings en is yn it ‘Fries Museum’.