Muzyk fan Gysbert Japicx

Yn 2003 koe it museum útwreide wurde mei de ôfdieling oer de lieten fan Gysbert Japicx. Werjûn wurde de manier fan dichtsjen yn dy dagen en it gebrûk fan meldijen. By dy presintaasje kin men trije lieten beharkje en tagelyk de tekst meilêze yn sawol it ‘âld Frysk’ as yn it ‘Frysk fan hjoeddedei’ én yn it Nederlânsk. It giet om:

  • In brulloftsliet: Tjerne en Ynskje
  • In polityk liet: Land Gaan aef Friesche Vreugde
  • In geastlik liet: jûnbea

De alderearste útjeften fan de Rymlerije fan 1668, 1681 en 1684 lizze yn de nije fitrine.