ANBI status

It Gysbert Japicxhûs hat de status kulturele ANBI-ynstelling. Skinkingen oan ynstellingen mei in ANBI-status bringt belestingfoardielen mei. It Gysbert Japicxhûs stiet by de Belestingtsjinst registrearre as ‘Algemeen Nut Beogende Instelling’ (ANBI). Soks betsjut dat it museum gjin suksessjerjocht of skinkingsrjocht hoecht te beteljen oer erfenissen en skinkingen. Fan alle euro’s dy’t jo bydrage hoecht it museum dus neat ôf te dragen oan de Belestingtsjinst.

Dêrfoaroer kin it in belestingfoardiel foar jo betsjutte. Jo kinne dat neisjen op de webside fan de Belestingtsjinst:  www.belastingdienst.nl.

 

Statutêre namme           : Gysbert Japicx (Holckema) Stichting

RSIN/fiskaal nûmer         : 800933886

Ynskriuwnûmer KvK        : 41001328

Lês hjir ús jierferslach oer 2017 en de jierrekkening 2017.

Ek kinne jo hjir it ferslach oer it Betinkingsjier 350 fine.