Doelstelling

De Stichting hat ta doel it mei alle middels, dy’t sy ta har beskikking hat of krijt, de neitins oan de yn 1603 yn Boalsert berne en yn 1666 yn Boalsert ferstoarne Fryske dichter Gysbert Japicx libben en yn eare te hâlden.

Om ta dat doel te kommen stribbet de Stichting er nei om it bertehûs oan de Wipstraat 6 te Boalsert yn te rjochtsjen en te behearen as museum en dêryn safolle mooglik objekten, skriftueren, publikaasjes ensfh. te eksposearjen. Teffens wurdt besocht oan de Fryske taal sa goed mooglik bekendheid te jaan yn wurd en geskrift foar edukative doelen en troch de wei fan tentoanstellingen.